Amelân taast yn de bûse

24 okt 2006 - 17:32

De gemeente Amelân moat sa'n tritich wurknimmers efterstallich lean betelje. It giet om wurknimmers fan de bûtentsjinst dy't oer de ôfrûne fyftjin jier gjin ûnregelmjittigens- taslach krigen hawwe.

Amelân is ferplichte om oer de ôfrûne fiif jier 25 prosint oer it normale lean te beteljen. De gemeente fynt lykwols dat wurkjouwers ek rjocht hawwe op de jierren dêrfoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)