Nije foarsitter fierljepbûn

© Omrop Fryslân
Pieter Bult fan Drylst is de nije foarsitter fan it Nederlânske fierljepbûn. It fierljepbûn is de oerkoepeljende ferieniging fan it Fryske Ljeppersbûn en de Polstokbond Holland.
Bult wie earder wurksum foar Sport Fryslân en it reedrydbûn. Hy krige ferline jier noch de Gouden Pols om't er 40 jier as ljepper aktyf wie. Bult folget Wiebe Dijkstra op. Hy wie tolve jier foarsitter fan it fierljepbûn.