Stille tocht foar Marinus Ooms

Freonen fan de fermoarde Marinus Ooms (51) út Haulerwyk hâlde kommende sneon in stille tocht. Mei hynders en motors sille se troch it doarp ride. Syn bêste freondinne Anet Idsinga rydt foarop op de seisjiierrige rún Ruby, it hynder dêr't Ooms ek wol op ride. Idsinga hat mei freondin Marja Oost de stille tocht op poaten set.
Marinus Ooms wie in grutte leafhawwer fan it saneamde western riding.