Feest: 165 jier tsjerke Berltsum

24 okt 2006 - 14:58

De menniste-tsjerke yn Berltsum bestiet dit jier 165 jier. Reden foar in feestje foar it lytse tsjerkje, mar ek reden foar soargen. De gemeente bestiet op it stuit noch mar út tritich leden en it grutste part is âlder as santich jier.

De mennisten wolle de kommende tiid mear jongerein de tsjerke yn krije, mei bygelyks tentoanstellingen en in moadeshow. Ek moat de tsjerke opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)