Fryske bedriuwen yn finale

© Omrop Fryslân
Trije Fryske bedriuwen sille yn novimber útmeitsje wa't de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden wint. Alertec Uitzendbureau BV út Warten, Canvas Compagny út Boerum en Via Drupsteen BV fan Snits binne troch de sjuery útkeazen.
De wedstriid wurdt organisearre troch it Jong Bedrijven Netwerk yn it Noarden. De priis is foar jonge ûndernimmers dy't minder as fiif jier yn it Noarden aktyf binne.