Jong Hearrenfean pakt Feyenoord

23 okt 2006 - 21:10
Foto: Omrop Fryslân

It beloftetiim fan Sportklup Hearrenfean hat moandeitejûn de thúswedstriid tsjin Jong Feyenoord mei 2-0 wûn. De Kanadees Will Johnson makke de earste treffer yn de 7e minút fan de earste helte. Nei it skoft ferdûbele Reza Ghoochannejhad (sprek út: Goosjannejad)de skore.

Hearrenfean stiet nei sân kompetysje ronden earste mei 18 punten. De nûmer twa FC Twente stiet mei tolve punten al in strjitlingte efter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)