'Wymbritseradiel fusearret net'

De gemeente Wymbritseradiel wol net fusearje mei omlizzende gemeenten. Dat blykt út ynkringende petearen tusken de partijen. De gemeente sjocht gjin reden ta in fúzje mei oare gemeenten, omdat de eigen bestjoerskrêft noch goed genôch wêze soe. Op dit stuit is der in gearwurking tusken acht gemeenten yn súdwest Fryslân. Mar dy gearwurking soe better kinne, tinke rie en kolleezje fan Wymbritseradiel.