Sekretaris Flylân leit wurk del

23 okt 2006 - 17:36

Bob Oosthoek leit per direkt syn funksje as gemeentesekretaris fan de gemeente Flylân del. Hy hat dêrta besletten nei oerlis mei it kolleezje fan B en W.

Reden foar de stap is dat Oosthoek en it kolleezje it net iens wurde kinne oer de needsaaklike feroaringen yn it amtlik apparaat fan de gemeente. Oosthoek sil no earst tydlik syn wurk dellizze. Letter wurdt besjoen hoe't it no fierder komt op Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)