90 Miljoen nedich foar seedyk

23 okt 2006 - 12:08

Om de Fryske wetterkearings feilich te meitsjen is njoggentich miljoen euro nedich. Foar hiel Nederlân giet it om in bedrach fan goed 1,6 miljard euro. Dat stiet yn in rapport fan de advyskommissje wetter.

Neffens de kommisje is Nederlân net goed taret op in oerstreaming. Der is in soad efterstallich ûnderhâld oan de seediken en dat moat sa gau mooglik ynrûn wurde. Yn Fryslân giet it om inkele tsientallen kilometers seedyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)