Ungelok foar freondin Stroetinga

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Wim Stroetinga syn freondin is sneon ferwûne rekke by in ûngelok by de seisdaachse yn Amsterdam. Stroetinga syn freondin, Lorena Nieuwenhuis, wie ien fan de taskôgers doe't twa hurdfytsers tsjin inoar botsten.
Ien fan de twa, de Italiaan Marco Villa, kaam yn it publyk telâne. Nieuwenhuis koe net op tiid fuort komme. Sy krige troch de botsing mei de fytser in swiere harsenskodding.