Friezen yn it spier foar Inzell

© Omrop Fryslân
Mear as fjouwerhûndert Friezen ha in hanteken set tsjin de sluting fan de iisbaan yn Inzell. Sluting driget, omdat der hast gjin wedstriden op it heechste nivo mear binne op de baan. De hantekens binne dit wykein oanbean oan de boargemaster fan Inzell.
Jan From fan Wolvegea hearde dat der yn Dútslân aksjefierd waard en woe ek Friezen de kâns jaan om har hanteken te setten. Neffens him is de baan fan grut belang foar Fryske reedriders.