Trije ferwûnen by De Gordyk

By in ûngemak op De Gordyk binne sneintemoarn trije minsken ferwûne rekke. In 18-jierrige autorider út Wolvegea stuts fan de Badwei de Haadstrjitte oer. Hy kaam dêrby yn botsing mei in 49-jierrige autorider út De Gordyk.
De Wolvegeaster is troch de brânwacht út de auto helle en dêrnei nei it sikehûs ta brocht. De 49-jierrige autorider en syn passazjier binne ek nei it sikehûs ta brocht.