Sutelaksje ôfsletten yn Drachten

De belangstelling foar it Fryske boek stagnearret. Lykas ferline jier binne der dit jier mei de Sutelaksje goed 25.000 boeken ferkocht. De omset fan de stifting It Fryske Boek leit sa om de 206.000 euro hinne.
It boek De Oerpolder fan Hylke Speerstra wie ien fan de toppers yn de kroade fan dit jier. De ôfsluting fan de sutelaksje wie sneon op it Frânske Pleintsje yn Drachten. Dêr waard de jierlikse boekemerk hâlden.