Fjochterijen op ferskate plakken

22 okt 2006 - 15:25

De plysje hat it sneontenacht drok hân mei minsken dy't har net oan de regels hâlde koene. Yn totaal moast de plysje sân kear útrukke om't der earne yn de provinsje fochten waard.

Op De Lemmer hie in Burgumer (23) by in fjochtpartij in glês bier stikken slein. Yn Noardwâlde wiene trije manlju oan it fjochtsjen. De plysje moast ek nei It Hearrenfean, Peazens, Drachten en Snits foar fjochtpartijen en fernielings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)