Gearwurking Hearrenfean & Bolton

Foarsitter Koos Formsma fan Sportklub Hearrenfean makke sneintemoarn yn it programma Sportkafee Fryslân bekend dat der in gearwurking is tusken de klub en Bolton Wanderers út Ingelân.
Op it stuit wurdt der gearwurke op medysk gebiet. Ek soene softwarepakketten mienskiplik ynkocht wurde kinne. Beide klubs kinne sa kosten besparje. Formsma slút net út dat der yn de takomst ek gearwurke wurdt op technysk mêd.