Flootman wint Fytrisloop

22 okt 2006 - 12:39
Foto: Omrop Fryslân

Ritske Flootman fan Menaam hat sneon de Fytrisloop op De Westerein wûn. Hy kaam nei 20 kilometer as earste oer de einstreek yn in tiid fan 1.18,19. Henk Sikma, de pleatslike favoryt, waard op 43 sekonden twadde.

Tracy Wijnsma fan Damwâld en Tiny Wouda fan Kollum wûnen it by de froulju. Sy kamen yn eksakt deselde tiid oer de einstreek.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)