'Kleisloot' bliuwt mooglik iepen

22 okt 2006 - 12:14

It paad 'De Kleisloot' tusken de Altenastreek en de Foarstreek yn Dokkum bliuwt mooglik dochs iepen foar fuotgongers. De gemeente Dongeradiel hat earder besletten dat it paad ticht giet. In eintsje fierderop wurdt in appartemintekompleks delsetten.

Dêr komt mei de tiid in nije steech fan de iene nei de oare strjitte. Guon bewenners ha no protestearre tsjin it ôfsluten fan de Kleisloot. De gemeenteried praat der 1 novimber oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)