Haadklassers winne yn beker

21 okt 2006 - 16:36

De Fryske haadklassers ha sneon fuotballe foar de beker. Harkemase Boys spile tsjin treddeklasser Marum. De Harekieten wûnen maklik mei 8-1. Tebeksetter wie in slimme blessuere dy't Dennis Loer oprûn.

ONS Snits spile yn en tsjin Warkum. Mei it skoft wie de stân 1-1. Yn de twadde helte makke ONS it karwei ienfâldich ôf en waard it 1-3. Doelpuntemakkers wiene Nico de Jong (twa kear) en Willem van Barneveld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)