Dronken autorider fan dyk helle

21 okt 2006 - 15:34
Foto: Omrop Fryslân

Op de Prins Hendrikkade yn Ljouwert is freedtenacht in auto fan de dyk helle troch de plysje. De bestjoerder wie flink dronken en slingere mei syn auto oer de dyk. De auto rekke de muorre fan de grêft en in stoeprâne oan de oare kant.

Op de Jousterkade stie de auto stil. De bestjoerder besocht doe út te naaien. De man koe oanhâlden wurde en moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)