Auto te wetter by Blije

© Omrop Fryslân
By in oanriding by Blije is freed in 64-jierrige autobestjoerster út Mitselwier mei har wein yn de sleat rekke. It ûngelok barde doe't in oare automobilist de dyk Ljouwert-Holwert opried. De automobilist joech de frou út Mitselwier gjin foarrang.
De brânwacht hat de frou út 'e auto weihelle. Se is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum.