Fragen oer ôffal-oven
De Fryske gemeenten wolle folle mear witte oer de gefolgen foar it miljeu as der in ôffal-oven boud wurdt yn Harns. Fierder moat der ek goed nei de relaasje mei Frisia Sâlt sjoen wurde.
Omrin hat plannen foar in ferbrâningsynstallaasje yn Harns. De enerzjy dy't dêrby frijkomt, soe brûkt wurde kinne troch Frisia Sâlt. De gemeenten wolle ek witte wat der bart as de sâltwinning ophâldt.