Protest by SC Hearrenfean

21 okt 2006 - 12:53
Foto: Omrop Fryslân

Sa'n 30 supporters fan SC Hearrenfean ha sneontemoarn by de trening aksje fierd tsjin de minne resulaten fan de ploech. Se hongen spandoeken op mei teksten as 'Geen strijd, geen punten'.

It protest wie om de spilers op skerp te setten foar de wedstryd fan snein tsjin Grins. Nei fiif minuten stjoerde de befeiliging de supporters fuort. De befeiling wie dêr just omdat der eangst bestie dat supporters fan Grins it stadion binnendringe woene.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)