Wester wint NK Fryske dekhynsten

© Omrop Fryslân
Willem Wester fan Tsjerkgaast is mei it hynder Ulke Nederlânsk Kampioen Fryske dekhynsten wurden. Wester bleau op Yndoar Fryslân Ljouwert yn in spannende wedstryd Setzke de Jong foar. De Jong, ek fan Tsjerkgaast, ride mei it hynder Wierd.
It waard in spannende wedstryd, omdat de twa sjueryleden it net iens waarden. Uteinlik besliste de arbiter dat de winst nei Wester gong.