Cambuur ferliest fan koprinner

20 okt 2006 - 22:13

Cambuur Ljouwert hat de goede resultaten fan de lêste wiken net trochsetten. Nei twa oerwinnings op rige ferlearen de Ljouwerters freedtejûn fan RBC mei 2-0.

Danny Guyt skoarde foar de ploech út Roosendaal de beide goals. Mei dizze oerwinning pakt RBC de twadde perioade yn de Jupiler League. Cambuur sakket fan it 15de nei it 17de plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)