ONS-spiler skorst om joint

20 okt 2006 - 17:09

ONS-spiler Chalong de Bruin is skorst, omdat er drugs brûkt hat. By de útwedstriid tsjin Be Quick út Zwolle waard kannabis yn syn lichem fûn. Haadklassespilers wurde ek kontrolearre op it brûken fan doping.

By it smoken fan in hasj- of himpsigret kin de stof THC yn it lichem komme. Dy stof waard oantroffen by de spiler. Hy is op dit stuit noch net skorst troch it fuotbalbûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)