OBW moat mear pleatsen keapje

20 okt 2006 - 17:04

De stifting Old Burger Weeshuis yn Snits moat mear boerepleatsen keapje as de njoggen dy't se no ha. Dat wie freed yn de Martinitsjerke fan Snits ien fan de advizen yn in rapport fan professor Jan Douwe van der Ploeg oan de 425-jierrige stifting.

Van der Ploeg hat mei in kollega neitocht oer de takomst fan it Old Burger Weeshuis, dat mei it pachtjild fan syn pleatsen goeie doelen yn de stêd helpt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)