Wurksumheden oan spoar

© Omrop Fryslân
Fan 24 oant en mei 27 oktober wurdt wurke oan it spoar tusken Wolvegea en Ljouwert. It giet dan om de fernijing fan trije wiksels, it ferbetterjen fan it spoar op de spoarbrêge by Akkrum en it langer meitsjen fan de beide perrons by Grou.
Yn ferbân mei de wurksumheden ride de treinen tusken Zwolle en Ljouwert neffens in wizige tsjinstregeling. Ek wurde bussen ynset. Der moat rekken holden wurde mei ekstra reistiid.