Tankauto by Philips lekt gas

20 okt 2006 - 15:03

In part fan it bedriuwekompleks fan Philips yn Drachten hat freed fan 10 oere moarns oant healwei fjouweren ûntromme west. Dêrby koene 150 minsken net oan it wurk. Op it terrein by de haadyngong fan it bedriuw stie in tankauto dy't wetterstofgas lekte.

De brânwacht hat de gasflessen op de frachtwein út Schiedam mei ferdrach leechrinne litten. It gas is net fergiftich en der hat gjin gefaar foar de omjouwing west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)