Kontrôle Harns op hûnebelesting

20 okt 2006 - 13:51

De gemeente Harns sil ynkoarten begjinne mei hûs-oan-hûskontrôles om te sjen oft minsken mei in hûn dêr wol belesting foar betelje. At der hûnen fan minsken oantroffen wurde dy't net by de gemeente oanmeld binne, rinne eigners it risiko dat se boppe op it bedrach fan de belesting noch in boete betelje moatte.

De belesting foar ien hûn is yn de gemeente Harns 61 euro. De kontroleurs fan de gemeente hawwe in legitimaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)