Aksjes foar it skoalswimmen

© Omrop Fryslân
Yn Bûtenpost komme aksjes as de gemeente Achtkarspelen ophâldt mei it beteljen fan it skoalswimmen. De gemeente wol besparje om út de reade sifers te kommen. Swimbad 'De Kûpe' en de skoallen yn de gemeente binne it net mei de besuniging iens.
Direkteur Gerdes fan NV Sportfondsen ferwachtet dat meiwurkers op strjitte komme te stean as it skoalswimmen ophâldt. Ek tinkt er dat de kosten fan it swimbad omheech gean sille.