Johan Veenstra mei boek op radio

De Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra komt werom op Omrop Fryslân radio. Hy sil syn nijste boek foarlêze: Een brogge van glas. Johan Veenstra fertelt dêryn hoe't hy pas nei it ferstjerren fan syn mem te witten kaam wa't syn heit wie en dat er in healbroer hie. En hy fertelt oer syn freon, in geheime leafde.
It is foar it earst dat op de Fryske radio in boek foarlêzen wurdt. Yn de krystfakânsje is it te beharkjen.