Taksyferfier NE-Fryslân op'e kop

19 okt 2006 - 17:27

It taksyferfier yn Noardeast-Fryslân giet op 'e kop. Seis gemeenten ha ien útfierder foar it learlinge- en WVG- ferfier útsocht. Nei in Europeeske oanbesteging ha It Amelân, Skiermûntseach, Dongeradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Kollumerlân keazen foar De Combinatie.

Dat binne acht taksybedriuwen ûnder lieding fan Waaksma yn Koatstertille. No wurdt it learlingeferfier noch dien troch Taksy NOF út Kollumersweach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)