Sipke Ernst net nei NK skaken
It is de nagelnije grutmaster Sipke Ernst út Damwâld net slagge om him te pleatsen foar it Nederlânsk Kampioenskip skaken takom jier. Hy moast yn in trijekamp mei Willie Hendriks en Erik van den Doel stride om in ticket foar it NK.
Ernst kaam net fierder as twa remizes. Van den Doel wûn wol ien fan syn partijen en einige sadwaande as earste.