Oefening Loftmacht op Flylân

© Omrop Fryslân
Nederlânske F16's oefenje de kommende twa wike alle dagen op Flylân mei bommesmiten. 32 eksplosive bommen fan it type MK82, dat binne saneamde 500-pûners, sille der falle op de Flyhors Range, it oefenterrein fan de Keninklike Loftmacht.
De oefeningen fine de middeis plak, allinnich op freed wurdt der de moarns oefene. It oefenterrein is ticht foar publyk op it momint dat der oefene wurdt.