Foarse straffen easke foar race

19 okt 2006 - 13:15

Tsjin in man (22) út Berltsum en in Ljouwerter (25) binne tongersdei by de rjochtbank yn Ljouwert foarse selstraffen easke. Dit yn ferbân mei in deadlik ûngefal yn Ljouwert.

De beide manlju soene neffens justysje in racewedstriid holden ha op de Spanjaardsleane. Dêrby waard in frou (73) út Ljouwert deariden. Tsjin de Ljouwerter is trije jier sel easke. Tsjin de Berltsumer is twa jier easke, wêrfan acht moanne ûnder betingst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)