Paul Bosvelt spilet net mei

19 okt 2006 - 13:09

Sportklub Hearrenfean moat it tongersdeitejûn yn it Spaanske Pamplona tsjin Osasuna dwaan sûnder Paul Bosvelt. De spiler hat te bot lêst fan in kielûntstekking. Syn ferfanger is de Noar André Hansen.

In oare wiziging yn it basis-alvetal fan trener Gertjan Verbeek is dat Jeroen Drost op de bank sit. Yn syn plak spilet Michel Breuer. Dit om mear kopsterkte te hawwen yn de efterhoede.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)