Skulden heger as tocht

19 okt 2006 - 12:34

Partikulieren stean finansjeel noch mear yn it read as earder tocht waard. Ta dy konklúzje komt de Nederlandse Vereniging voor Volkskrediet. Se ha 4000 dossiers fan minsken mei skulden ûndersocht.

Troch hegere lêsten en bygelyks djoerder wurdende boadskippen komme hieltyd mear boargers yn 'e problemen. Twa jier ferlyn wie de trochsnee skuld noch 16.000 euro, no is dat 22.000 euro. Dat is in stiging fan sawat 40%.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)