PvdA Snits: 'Troch mei Omrin'

19 okt 2006 - 09:51

De PvdA yn Snits fynt it net goed dat Smellingerlân de gearwurking mei smoargensferwurker Omrin opsein hat. De fraksje komt dêrom ein oktober mei in brief wêryn't se alle Fryske gemeenten opropt om Omrin net yn de steek te litten.

De PvdA wol dat de oare Snitser partijen de brief ek ûnderskriuwe. Freed komme alle oandielhâlders fan Omrin by inoar om fierder te praten oer dizze kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)