Keeper Hearrenfean is der al by

19 okt 2006 - 00:12

De lytse Vandenbussche lit at it goed giet noch efkes op har of him wachtsje. Derom kin takomstige heit Brian Vandenbussche, keeper fan SC Hearrenfean, tongersdei gewoan meidwaan yn'e UEFA-cup-wedstriid tsjin it Spaanke Osasuna.

Earder wiene der noch twifels oer om't it earste bern fan de keeper elk momint komme kin. Vandenbussche is dus wol mei de seleksje ôfreizge nei it Spaanske Iruñea/Pamplona.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)