Soargen oer trekkers en fytsers

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Surhuzum hat grutte soargen oer de skoalbern dy't alle dagen oer de brêge fan Blauforlaet fytse. De dyk oer de brêge, de N358, wurdt aanst oanpakt. Trekkers moatte dan oer in paralleldyk. Tegearre mei de fytsers moatte se dan oer de brêge.
De wethâlder hat yn it ferline tasein dat fytsers en trekkers hoe dan ek skieden wurde moatte. Mar doarpsbelang hat yntusken fan de provinsje heard dat dit net kin.