Thialf stiet der goed foar

18 okt 2006 - 15:09

De lieding fan iisstadion Thialf is tefreden oer de finansjele resultaten oer it ôfrûne jier. Thialf helle in posityf resultaat fan trije ton en hat in skuld fan 2,6 miljoen. Dy skuld wie trije jier ferlyn noch hast trettjin miljoen.

Positive ûntwikkelings binne neffens de lieding de taname fan it oantal rekreaasjeriders. Fierder hopet Thialf dat der mear beurzen yn de iishal organisearre wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)