Tsjerken op ynternet te sjen

18 okt 2006 - 14:40

De Ynternetakademy fan de NHL yn Ljouwert bringt 250 tsjerken yn kaart dy't ynkoarten op ynternet te sjen binne. Alle monumintale tsjerken yn Fryslân binne dan online te besjen.

De provinsje stipet it projekt om't in soad tsjerken no te min iepen wêze soene foar toeristen. Meast binne der te min frijwilligers en binne de befeiligingskosten te heech. In rûnlieding op ynternet soe dan in goed alternatyf wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)