Frijspraak foar bleatfoto's

20 mrt 2012 - 17:03

De âld-buorman fan Manon Thomas is troch de Hege Ried frijsprutsen fan it fersprieden fan bleatfoto's fan de presintatrise. It Iepenbier Ministearje hat neffens de Hege Ried in fout makke by de ferfolging fan de man.

Yn earste ynstânsje waard de fertochte ferfolge foar kompjûterfredebreuk en mislediging. Letter waarden dêr noch in tal oanfollings op dien. Neffens de Hege Ried hie dat net mocht. Om dy reden komt de feroardieling fan de âld-buorman no te ferfallen.

Trefwurden: 
Manon Thomas bleatfoto's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)