Opskuor yn deputearre steaten

18 okt 2006 - 12:22

CDA-deputearre Jan Ploeg leit ûnder fjoer by syn kollega's Anita Andriesen en Piet Bijman. Ploeg sei ferline wike by in gearkomste dat Fryslân op slot stiet en dat ûndernimmers it swier hawwe. Mei dy opmerkings soe er him minge yn it belied fan Andriesen en Bijman.

Bijman skriuwt op syn weblog dat de opruiende teksten fan Ploeg gjin hout snije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)