Ljouwert stipet âld-ama's

18 okt 2006 - 12:15

De gemeente Ljouwert stekt hast fiif euroton yn de begelieding fan de eardere ama's dy't no yllegaal yn Ljouwert omswalkje. It giet om in groep fan sa'n 90 flechtelingen.

Doe't dizze groep Alleenstaande Minderjarige Asielzoekers minderjierrich wie, krigen se jild fan it ryk om fan te libjen. No't se 18 binne, moatte se harsels rêde kinne. Dêrmei hopet it ryk dat se weromgean nei it lân fan herkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)