Hearrenfean sit Grins-fans dwers

18 okt 2006 - 12:04

Sportklub Hearrenfean hat Grins-fans ferbean in sfearaksje yn it besikersfak te organisearjen. It giet om it boppe de holle hâlden fan pamfletten. Neffens de club kin de brânfeiligens net garandearre wurde en moat der neat op it fjild komme.

De supportersferiening fan Grins is it der net mei iens. Neffens de fans hawwe sy foarsteld om de pamfletten te ympregnearjen en de pamfletten fuort op te romjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)