Poplog foar muzykleafhawwers

18 okt 2006 - 11:14

Leafhawwers fan popmuzyk yn Fryslân kinne tenei terjochte op in eigen weblog. De side Poplog is in inisjatyf fan poppoadium Iduna en it Fries Popnet. Op de weblog kinne ynformaasje, muzyk en ûnderfinings útwiksele wurde. Ek wurdt op Poplog opnaam welke bands wêr optrede.

Neffens de inisjatyfnimmers is it weblog in wichtige manier foar popleafhawwers om mei elkoar yn kontakt te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)