Opknappen tuorren klear
It opknappen fan alle tsjerketuorren yn de gemeente Dongeradiel is klear. It grut ûnderhâld oan de 26 tuorren is yn 1998 útein set. De tuorren binne yn fiif klusters oanpakt.
Om de ein fan de opknapbeurt te fieren wurdt der begjin novimber in byienkomst hâlden. De tuorren yn Dongeradiel binne eigendom fan de stichting Monumentenbehoud Dongeradeel.