Garnalefiskers lizze wurk del

18 okt 2006 - 10:12

Garnalefiskers yn Nederlân, Dútslân en Denemarken lizze woansdei it wurk del. Se prate yn Lauwerseach oer de takomst fan de sektor. Mooglik komme der aksjes.

De 400 Noardsee-fiskers sitte in finansjeel swier waar. Dat komt om't de garnaleprizen te leech binne en de gasoaljepriis hieltyd heger wurdt. Boppedat rint der noch in miljoeneboete fan de NMa fanwege ferbeane priisôfspraken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)