Golfbaan Ljouwert earder iepen

De allerearste Fryske Pitch & Putt-baan sil al yn novimber iepen. Earder soe de nije golfbaan yn de Ljouwerter nijbouwyk Suderbuorren pas begjin takom jier iepen, mar troch it oanhâldende moaie waar is de iepening nei foaren helle.
De Pitch & Putt-baan is in saneamde lytse golfbaan mei 18 holes. Elkenien kin in baltsje slaan op de baan. In golffeardichheidsbewiis is net nedich. De offisjele iepening is yn april.